Tresoar wol toeristen lûke

12 nov 2007 - 10:58

Tresoar wol in toeristyske attraksje wurde. It histoarysk en letterkundich sintrum wol de Fryske taal en kultuer mear ûnder de oandacht bringe. Tresoar wol dêrfoar útwreidzje om't der te min romte is om guod sjen te litten.

Sa soe de 400 jier âlde kolleksje fan de universiteitsbiblioteek fan Frjentsjer toand wurde kinne. Krektlyn is de ynventarislist weromfûn. Boeken kinne lykas doe opsteld wurde en sa kinne toeristen werom yn de tiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)