Jonges mei pistoal oppakt

12 nov 2007 - 09:51

De plysje hat sneontejûn yn Harns twa Ljouwerters (15 en 19) oanhâlden. De lêste hie in famke (14) út Harns bedrige fia msn en sms. Op de Waddenpromenade bedrige er in tal freonen fan it famke mei in pistoal.

De plysje wie yn de buert en koe de Ljouwerter al gau oppakke. De oare jonge is oanhâlden om't er it wapen levere hie. It wie in startpistoal dat op in echt pistoal liket. Beide fertochten sitte noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)