Hearrenfean wint fan Vitesse

11 nov 2007 - 16:32

De Sportklub Hearrenfean hat yn Arnhem mei 1-0 wûn fan Vitesse. In doelpunt fan Michael Bradley yn de fyfde minút fan de twadde helte wie genôch om trije belangrike punten mei te nimmen nei It Hearrenfean.

Sportklub Hearrenfean spile de twadde helte mei tsien man. Afonso Alves waard flak foar it skoft troch skiedsrjochter Kevin Blom fan it fjild stjoerd. Alves soe tsjinstanner Remco van der Schaaf slein hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)