Brantsje by doarpshûs K'sweach

11 nov 2007 - 14:51

In koarte mar fûle brân hat snein in hok efter doarpshûs de Trije Doarpen yn Kollumersweach fernield. Yn it gebou stiene meanmasines en ark. De brân is nei alle gedachten ûntstien yn in kontainer dy't neist it gebou stie.

De brânwacht wie der gau by. Dy koe sa foarkomme dat it fjoer oersloech nei it doarpshûs. Ien fan de doarren fan it haadgebou rûn wol skea op. De oarsaak fan de brân is ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)