Stroetinga wint opnij maraton

Dûbel sukses foar Stroetinga
Arjan Stroetinga hat snein yn Utrecht de fjirde maraton foar de Essent Cup wûn. De 26-jierrige Aldeberkeapster wie nei hûndert rûntsjes de rapste yn de massasprint. Cees Juffermans waard twadde en Bob de Vries fan de Haule kaam as tredde oer de streek. De Vries bliuwt lieder fan it klassemint.
It wie de twadde winst yn ien wykein foar Stroetinga. Sneon wûn er ek al de maraton yn Den Haach om de KNSB Cup.