Ynbraak yn twa boaten
Yn twa boaten yn de jachthaven fan Noardburgum is it wykein ynbrutsen. Fan ien fan de boaten wie it dekkleed iepenmakke. De dief hat in radio en in tillefyzje meinaam.
Ut de oare boat is in radio en in gps-systeem stellen. Oft foar beide stellerijen ien en deselde persoan ferantwurdlik is, is net dúdlik. It is ek net bekend hoe grut de skea is.