Alkohol- en drugskontrôle

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn yn it noardeasten fan Fryslân kontroleard op alkohol en drugs yn it ferkear. In man (25) út De Harkema krige in rydferbod omdat er mei drank op achter it stjoer siet.
Der waard ek op snelheid kontrolearre. In man út Twizel is syn auto en rydbewiis kwytrekke, omdat er yn Surhústerfean 114 ried, wylst 50 dêr de maksimum snelheid is. Mei-inoar krigen 31 minsken in bekeuring.