Nije trainer en ferlies Aris

Tony van den Bosch, de nije trener fan Aris
Basketbalclub Aris Friesland hat in nije trainer. Syn namme is Tony van den Bosch. Ferline jier wie hy trainer fan Bergen op Zoom. Earder wie hy ûnder oare bûnscoach fan it Belgykse team. De Belch wennet yn Antwerpen en bliuwt dêr ek wenjen.
Sneontejûn seach hy de Ljouwerters ferliezen. Yn Amsterdam wiene de Astronauts mei 97-63 folle better. Van den Bosch siet noch net op 'e bank as trainer.