Wrâldrekord Marrit Leenstra

In goeie prestaasje fan Marrit Leenstra. Foto: Fotopersburo Martin de Jong
Marrit Leenstra ried sneon yn Salt Lake City by de wrâldbekerwedstriden op de 1500 meter in nij wrâldrekord foar junioaren. De 18-jierrige reedrydster fan Wikel kaam út op 1.56,47. Mei dy tiid gong de 1.56,69 fan Ireen Wüst út 'e boeken. Wüst ried dy tiid yn maart 2005 yn Calgary.
Marrit Leenstra waard op it flugge iis van Salt Lake City alfde. De oerwinning wie foar de Kanadeeske Christine Nesbitt yn 1.52,75.