'Jacht yn oar deiljocht sette'

jagers folgje spoaren op it lân
Tsientallen jagers út de trije noardlike provinsjes kamen sneon nei Feankleaster om oer de jacht te praten. Oer de jacht op foksen, guozzen en wylde bargen hat de lêste tiid in soad te dwaan west. De diskusje oer it behearskjen fan de wyldstân wurdt oant de Twadde Keamer fierd.
De jagers wolle net sjoen wurde as dierebeulen en kinne har net fine yn de krityk dat se te folle ôfsjitte.