Maklike boeken yn byb Wolvegea

10 nov 2007 - 14:21

Bern mei lêsproblemen yn De Stellingwerven kinne tenei ek goed te plak yn de biblioteek fan Wolvegea. Sneon is dêr in spesjaal Makkelijk lezen-plein iepene.

Bern mei dysleksy of ADHD kinne dêr boeken fine mei koarte sinnen en in soad plaatsjes. Ek lizze der in soad harkboeken. De fraach nei dit soarte fan boeken nimt hieltyd mear ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)