Syktocht nei kontainers op see

10 nov 2007 - 10:25

Op de Noardsee boppe Skiermûntseach wurdt sneon socht nei de 45 kontainers dy't freed mei de stoarm fan in skip waaid binne. De kustwacht set in fleantúch en in helikopter yn. De kontainers binne leech foar safier bekind.

De kustwacht hat noch gjin meldingen oer de kontainers krigen, mar it is mooglik dat se yn de skipfeartrûte lizze. As se net fûn wurde, wurdt mei sonarapparatuer fierder socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)