Adressen IFKS yllegaal brûkt

09 nov 2007 - 16:06

De IFKS docht oanjefte by de plysje fan it yllegaal brûken fan syn adressebestân. De stichting Skûtsje Nynke hat alle IFKS-leden in brief stjoerd oer in gearkomste op sneon. Dêr wurdt praat oer de Nynke, dy't ferline jier út de IFKS set is om't it gjin skûtsje mar in bolskip wêze soe.

Foar it ferstjoeren fan de brieven is gebrûk makke fan it ledebestân fan de IFKS, wylst dêr gjin tastimming foar jûn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)