Wurk oan brêgen Jutryp klear

© Omrop Fryslân
It wurk oan de twa brêgen yn de provinsjale dyk, de N354, en de paralleldyk krekt noardlik fan Jutryp is klear. Beide brêgen oer de Soalsleat binne opgien yn ien nije brêge. Dy is heger en breder wurden en dêrtroch is der no in ferbining tusken de Brekken en Drylts ûntstien foar boaten mei in trochfearthichte fan twa meter fyftich.
De wurksumheden binne ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt.