Boartsjend protest skoalbern

09 nov 2007 - 11:47

Dik fyftich bern fan basisskoalle De Oldenije yn Ljouwert hawwe freedtemoarn boarte by it stedhûs. It boarterskertier wie bedoeld as protest, omdat al wiken wurke wurdt oan it skoalplein. De boartsjende bern komme soms yn gefaarlike sitewaasjes telâne omdat der om de skoalle hinne ek auto's ride.

Wethâlder Krol lit witte dat hy de skoalle goed begrypt, mar dat hy der neat oan dwaan kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)