Trochstart foar HTO Wolvegea?

De kâns liket grut dat transportbedriuw HTO út Wolvegea in trochstart meitsje kin. Dat seit de direkteur fan it bedriuw. HTO waard tongersdei fallyt ferklearre. Neffens de direkteur binne skulden út it ferline de grutste oarsaak fan it fallissemint.
By HTO wurkje sa'n fjirtich minsken. De direkteur ferwachtet dat dy by in trochstart foar it grutste diel meikinne.