Twa hennepkwekerijen Aldehaske

09 nov 2007 - 10:33

Yn twa bedriuwsgebouwen yn Aldehaske binne tongersdei twa mobile hennepkwekerijen ûntdutsen. Yn twa trailers fan elk tweintich meter lang stiene mei elkoar hast tûzen hennepplantsjes.

De plysje kaam de kwekerij op it spoar trochdat der in pear kear in stroomsteuring wie yn in transformatorhúske op it yndustryterrein. De steuringen kamen troch yllegale stroomôftap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)