Stoarm liket ta te fallen

09 nov 2007 - 06:32

De earste stoarm fan dizze hjerst liket wat ta te fallen. It waait wol hurd, mar mei it oantal meldings oer stoarmskea falt it genôch ta.

It wetterpeil is wol heech. By Harns wurdt freedtemoarn tusken acht en njoggen oere it heechste peil ferwachte fan sa'n 3 meter 50 en dat is sa'n tritich sintimeter boppe alarmpeil. It Wetterskip Fryslân hat dan ek dykbewaking ynsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)