Stoarm: coupures Harns ticht

08 nov 2007 - 22:32

Yn Harns binne út foarsoarch de coupures yn de wetterkearing sletten. It treinferkear nei stasjon Harns haven leit dêrtroch stil. De ferwachting is dat it wetterpeil freed tusken 6 en 9 oere yn Harns omheech giet nei mear as 3,50 meter. Dat is 30 sentimeter boppe it alarmpeil.

It is net unyk dat de coupures ticht gean. Ferline stoarmseizoen binne se trije kear ôfsletten. Ien kear stie der 80 sentimeter wetter foar de doar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)