Oplossing brêge Blauforlaet

08 nov 2007 - 19:35

Der komt gjin aparte fytsbrêge oer it Prinses Margrietkanaal by Blauforlaet. Dat is te djoer, docht bliken út ûndersyk fan de provinsje. De brêge is ûnfeilich foar fytsers. Der wurdt al skoften oantrúnd op in oplossing. Der komt no in paralleldyk foar fytsers en lânbouferkear.

Foar in apart stik foar fytsers soe de brêge foar mear as in miljoen euro oanpast wurde moatte. Dat is te djoer, sizze Achtkarspelen en de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)