Soad ynskriuwings iishal

© Omrop Fryslân
Dit jier ha mear as 140 skoallen ynskreaun by de iishal yn Ljouwert foar it skoalreedriden. De iishal hat dêrmei de measte bern fan alle iisbanen yn it Noarden op les.
De belangstelling foar it reedriden yn de Ljouwerter iishal is de ôfrûne jierren bot groeid. Fjouwer jier lyn diene der noch 3.000 skoalbern oan mei, dit seizoen binne it der 5.000.