Stoarmfoto's wolkom by Omrop

Mei dykbewaking, skraste feartsjinsten en in soad oare maatregels liket it der op dat Fryslân tongersdeitenacht en freedtemoarn te meitsjen krijt mei in swiere stoarm. Omrop Fryslân sil de ûntjouwings op de foet folgje op radio, tv en ynternet.
Hjirby kinne wy jo foto's goed brûke. Je kinne hjirby gebrûk meitsje fan de foto-upload op de website fan Omrop Fryslân. In link nei de foto-upload fine jo op www.omropfryslan.nl