Snits presintearret troumap

08 nov 2007 - 14:33

De gemeente Snits hat in spesjale troumap meitsje litten. Dêryn sit alle ynformaasje dy't minsken nedich ha om foar de wet te trouwen. Der stiet fan alles yn oer partnerskipsregistraasje, en oer de troulokaasjes en trou- amtners yn Snits.

De map wurdt tenei útdield oan alle partners dy't yn Snits yn ûndertrou gean. Ek minsken dy't dat earne oars dogge, mar yn Snits trouwe wolle, krije de map.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)