Gjin UMTS-mêst op Veiling

08 nov 2007 - 12:20

B en w fan Dongeradiel jouwe gjin fergunning foar it pleatsen fan in UMTS-mêst op de Veiling yn Dokkum. Se fine dat ûnferantwurde. It kolleezje wol der earst fan oertsjûge wêze dat de antennes net skealik binne foar de sûnens. Oars bliuwe de ynwenners ûngerêst, sizze b en w.

De oanfraach foar in UMTS-mêst op de Veiling yn Dokkum, waard ferline jier yntsjinne. In grut part fan de omwenners is tsjin sa'n mêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)