Flylân ferwachtet heech wetter

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat jout bewenners fan Flylân it advys om de sânsekken te follen yn ferbân mei it ferwachte stoarmwaar. Tongersdei ried der ek in lûdswein oer Flylân om de bewenners te fertellen dat Doeksen in oantal feartsjinsten nei en fan Flylân en Skylge út de feart helle hat.
Neffens it wetterskip wurdt de grutste oerlêst freedtemoarn betiid ferwachte as de wetterstân it heechste punt berikt. In soad hinget ôf fan de wyn.