Opskuor oer ôfkickplannen

It plak dêr't de Surinamers ôfkicke
Oer in reis fan tolve Surinamers dy't op de soarchbuorkerij yn Warkum sitte, is opskuor ûntstien. De oan drugs ferslaafde Surinamers sitte dêr om ôf te kicken.
De soarchbuorkerij is fan de stifting Surivival. Dy wol mei de Surinamers nei harren heitelân, as ûnderdiel fan de behanneling. Dy behanneling kostet 50 tûzen euro de man.