Keunstwurk yn Snitser wyk

© Omrop Fryslân
Yn de wyk dúnterpen yn Snits wurdt nije wike tongersdei it nije keunstwurk 'de golfbrekker' yn gebrûk nommen. Dat keunstwurk bestiet út in soarte fan boat mei in bôge deroer hinne.
It ûntwerp is makke troch learlingen fan it Bogermankolleezje yn Snits. Sy hawwe dêrmei twa jier lyn in wedstriid wûn fan it wetterskip Fryslân. It keunstwurk moat oanjaan wat it wetter betsjut foar minsken.