Baskyske ûnderwiiskonferinsje

08 nov 2007 - 10:08

By de Fryske Akademy yn Ljouwert is dizze wike in twadaagse konferinsje oer 'Nije ûntwikkelingen yn it Baskyske ûnderwiis'. De konferinsje is in gefolch fan de gearwurking tusken it Mercator ûndersykssintrum en it dielregear fan it autonome Baskelân.

De konferinsje giet oer meartalich ûnderwiis mar ek oer aktiviteiten bûten de skoalle om de minderheidstaal fuort te sterkjen. Tongersdei geane de Basken yn Fryslân 'it fjild yn'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)