29ste Filmfestival los

Yn De Harmonie yn Ljouwert is woansdeitejûn de 29e edysje fan it Noardlik Filmfestival útein set. It festival duorret fiif dagen. Meiinoar wurde der sa'n 150 films fertoand yn Ljouwert én op Skylge. It is de twadde kear dat der ek op it eilân films te sjen binne.
De Skotse film Hallam Foe wie woansdei de iepener fan it festival. Tongersdei is de iepening op Skylge. Ek dêr is Hallam Foe de iepeningsfilm.