Gerlof Kolk Frysk damkampioen

Gerlof Kolk
Gerlof Kolk fan Britsum is Frysk damkampioen wurden. Yn Burdaard wûn hy yn de beslissende barraazje fan Bastiaan Hollander út Drachten.
Pas nei trije wedstriden waard de partij beslist. De earste twa wedstriden waarden remize. Dêrnei kaam in partij wêryn't de spilers mar in kertier de tiid hiene. It like remize te wurden, mar Hollander siet krap yn 'e tiid, wêrnei't Kolk syn earste Fryske titel pakte.