Akwadukt Galamadammen klear

Op ' e nij is in ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt klear. It akwadukt Galamadammen by Koudum is woansdei offisjeel iepene, neidat der mear as twa jier oan wurke is. It nije bouwurk is in flinke ferbettering foar sawol it ferkear op 'e dyk as op it wetter, sizze alle belutsenen.
Yn it ferline soarge de brêge yn it Johan Frisokanaal faak foar flinke opstoppings, foar sawol auto's op 'e dyk as foar de wettersporters.