Snits stipet showkorpsen

07 nov 2007 - 10:56

De twa showkorpsen yn Snits krije jild fan de gemeente om harren rippetysjeromten oan te passen. Advendo krijt trije ton om te soargjen dat de omjouwing minder lêst hat fan it lûd by de rippetysjes.

De Rhythm Stars krije 45.000 euro om harren rippetysjeromte provisoarysk by de tiid te bringen. Doel is dat it korps oer in pear jier nei in nije rippetysjeromte kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)