Famke mishannelet famke

07 nov 2007 - 10:36

In famke fan 15 út Menaam wurdt fertocht fan it mishanneljen fan in famke út Jirnsum. De twa krigen rúzje en it famke út Jirnsum rûn dêrby ferwûnings oan de holle op. Se waard foar kontrôle nei it sikehûs brocht.

It famke út Menaam stapte nei de rûzje op 'e bus, mar koe letter troch de plysje oanhâlden wurde. Se hat in proses-ferbaal krigen. Wat de reden fan de rúzje wie is noch net bekend, de plysje docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)