Aris-spilers skrikke

André Roorda waard tiisdei ûntslein fanwege teloarstellende resultaten
Skrokken, mar net ferbaasd. Sa reagearren woansdei de measte spilers fan basketbalklub Aris Friesland op it dien jaan fan coach André Roorda. Hy waard tiisdei ûntslein fanwege teloarstellende resultaten.
De spilers krigen fan manager Gert Schurer te hearren dat Roorda gjin coach mear is. Rein van der Kamp kaam dit seizoen oer fan Swolle. Hy makke noch net earder mei dat er ûnder de kompetysje syn trainer ferlear.