Bananen oanspield op it Amelân

07 nov 2007 - 07:31

Op it strân fan it Amelân binne bananen oanspield. It giet om bananen dy't yn kontainers sieten dy't tiisdei troch de hurde wyn op de Noardsee fan in skip slein binne. Mei-elkoar sloegen njoggen kontainers oer board. Yn sân dêrfan sieten bananen, de oare twa binne leech.

De bananen op it Amelân lizze ferspraad oer in lingte fan sa'n kilometer. Op Skylge spielden tiisdei al trije kontainers oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)