A31 oeren ticht troch ûngelok

06 nov 2007 - 18:49

De A31 tusken Dronryp en Frjentsjer hat tiisdeitejûn oeren ôfsletten west foar ferkear. Op it stik dyk hat begjin fan de jûn in ûngelok west. Der wiene fjouwer auto's by belutsen. Twa minsken binne ferwûne rekke. Hoe slim it mei har is, is net bekend.

Ferskate helptsjinsten binne oproppen om te helpen by it ûngelok. De dyk is njoggen oere jûns wer frij jûn. De ôfslúting hat foar fertraging soarge by it ferkear dat omride moast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)