Plusfood kin hast wer los

06 nov 2007 - 14:40

It fleisferwurkingsbedriuw Plusfood yn Easterwâlde ferwachtet tongersdeitejûn wer normaal produsearje te kinnen. By it bedriuw hat moandei in lytse brân west yn twa oaljetsjettels. De brân wie gau ûnder kontrôle, mar soarge wol foar skea.

De tsjettels binne ûnmisber foar it ferwurkjen fan fleis. Der binne nije tsjettels besteld. De befoarrieding fan fleisprodukten rint noch gjin gefaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)