Bakkerswinkel Marsum slagge

Oare doarpen kinne no profitearje fan de súksesformule fan de bakkerswinkel yn Marsum. Doarpsbelang woe der in jier lyn foar soargje dat der wer in bakkerssaak yn it doarp kaam. Omdat der gjin jild wie, hawwe frijwilligers de winkel opset. De bou is betelle mei tal fan subsydzjes.
Nei in jier proefdraaien docht bliken dat de winkel genôch rindemint opsmyt. Oare doarpen kinne it konsept no oernimme.