Blowers betrape

06 nov 2007 - 11:06

Trije ynwenners fan Bant binne moandei oanhâlden op fertinking fan besit en hannel yn softdrugs. De plysje seach op in parkearterrein op 'e Lemmer in auto mei besleine ruten. Doe't se de doar iependiene, waarden se in sterke wietlucht gewaar.

De trije ynsittenden waarden kontroleard. De plysje fûn in lyts bytsje softdrugs. Dat is yn beslach nommen. Op it plysjeburo is proses-ferbaal opmakke tsjin de jonges.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)