Mear toeristebelesting Amelân

06 nov 2007 - 11:03

De toeristebelesting op It Amelân wurdt ferhege fan 67 sint nei in euro. Sa moat de gemeente de strukturele tekoarten yn de takomst foarkomme.

Earder binne de lêsten foar de bewenners al ferhege. No moatte de toeristen deroan leauwe. Mei it jild sil ek ynvesteard wurde yn de kwaliteit fan de foarsjennings foar toeristen op it eilân. Ek no is de toeristebelesting noch ien fan de leechste fan Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)