'Amelân op Wrâlderfguodlist'
De gemeenteried fan Amelân wol dat it Waadgebiet in plakje krijt op de Wrâlderfguodlist. Hast alle gemeenteriedsleden stimden foar de nominaasje.
Allinnich Jan Verbiest fan de VVD stimde tsjin. De VVD is benaud dat natuerbeskermingsorganisaasjes misbrûk meitsje sille fan de status en dat der beheiningen komme foar it gebiet.