Bulgaarse minskehannelers pakt

De plysje hat trije Bulgaarske minskehannelers oanhâlden. Oanlieding wie in kontrôle op de Weaze yn Ljouwert, wêrby't in 16-jierrige prostituee fûn waard. It famke wie troch minskehannelers fan Bulgarije nei Nederlân brocht en twongen ta prostitúsje.
Ut ûndersyk die bliken dat twa manlju en in frou it famke nei Ljouwert brocht hiene. Sy binne oanhâlden.