´Fleanbasis stiet faai´

06 nov 2007 - 06:55

De fleanbasis Ljouwert giet ticht at de definsje-plannen fan de PvdA wierheid wurde. Dat seit CDA-Twadde Keamerlid Roland_Kortenhorst.

De PvdA makke ferline wike bekend 54 F-16´s gefechtsfleantugen ferkeapje te wollen. Ek moat de helte fan de fregatten en de swiere tanks en artillery fan de hân dien wurde. Kortenhorst, definsjewurdfierder fan it CDA, tinkt dat de klappen by de fleanbasis yn Ljouwert falle sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)