Keunstmoanne Amelân stiet faai

05 nov 2007 - 17:46

De takomst fan de keunstmoanne op It Amelân stiet faai. Neffens direkteur Pieter Smit moat op koarte termyn dúdlikheid komme oer de finansiering. Oars hâldt it op. It measte wurk wurdt troch frijwilligers dien. Ek de VVV stekt der in protte enerzjy yn. Neffens Smit kin dat net mear en moat der strukturele stipe komme.

Ferline jier spile de jildkwestje ek al. Dit jier is de keunstmoanne der foar de alfde kear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)