Sloep fan roeiklub stellen

05 nov 2007 - 17:14

De froulju fan roeiferiening Okke Hel út Harns kinne foarearst net mear meidwaan oan de HT-race op de Waadsee. Harren griene roeisloep Tobbe is dit wykein stellen nei it Nederlânsk Kampioenskip yn Muiden.

De froulju waarden fjirde op it NK. Nei in jûn fan feestfieren kamen se sneintemoarn op in parkearplak oan de A1. Se tochten de sloep dêr oan te treffen. Net dus. De roeiferiening hat oanjefte dien fan stellerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)