Rjochtsaak oanhâlden

05 nov 2007 - 16:35

De rjochtsaak tsjin in man (22) dy't fertocht wurdt fan it ombringen fan syn freondin is op 'e nij oanhâlden. It saakkundigerapport is noch net klear. De saak waard yn augustus ek al oanhâlden om't der nije oanwizingen bekend waarden.

De fertochte komt út Easterwâlde en studearret yn Grins. Hy soe syn freondin út Donkerbroek smoard ha. De fertochte hat bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)