Radio-item Omrop nominearre

05 nov 2007 - 15:52

It radio-ynterview mei de broer fan de omkommen militêr is nominearre foar de publykspriis fan it Wereld Audio Festival. Yn de reportaazje fan Auke Zeldenrust praat er mei Brent Rosier út Sint Anne. Syn broer Martijn kaam ein augustus om yn Uruzgan.

Op de webside fan Radio 1 kin stimd wurde (www.radio1.nl/publieksprijs). Der binne fiif nominearren foar de publykspriis. De winners wurde 19 novimber bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)