Mentha Minnema as MP3

dit is it boek
It berneboek Mentha Minnema en it Klokkemystearje is no ek as MP3-bestân te hearren. It is it earste boek út de populêre Minnemasearje dat as harkboek te downloaden is fan ynternet. De haadstikken binne ferdield yn ferskate MP3-bestannen.
It inisjatyf is fan Marja Schotanus fan it DAT tekstburo. It ferhaal is foarlêzen troch Jan Schotanus, de skriuwer fan it boek. It audioboek is ek op CD te krijen.