Katie Melua iepenet Domino Day

05 nov 2007 - 13:58

Katie Melua smyt freed 16 novimber it earste stientsje om by Domino Day. De Britske sjongeres is dan by de nije rekordpoging yn Ljouwert. It âlde rekord stiet op 4.079.381 stiennen. Dit jier hopet de organisaasje dat 4,5 miljoen dominostientsjes omfalle.

Earder ha artysten as Lionel Ritchie en Anastacia de earste stien omtreaun. Goed tachtich bouwers út alve lannen binne al wiken oan it parkoers mei as tema Falling into Life oan it bouwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)