Koker út 17e ieu yn museum

05 nov 2007 - 13:45

It Fries Museum hat in besûndere koker ûntdutsen. De fynst is út de VOC-tiid. It museum is dwaande de eigen kolleksje yn byld te bringen en dêrby is de koker út de 17e ieu fûn. Dêryn sitte dokuminten út de tiid fan de Verenigde Oostindische Compagnie.

Fral de beskildering op de koker is unyk, de lak is makke troch it sap út in beam laachje foar laachje oan te bringen. De koker is dizze wike te besjen yn it museum yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)